Nederlands

Frysk

English

Deutsch

Italiano

Afrikaans

Svenska

Norsk

עִברִית
alle lichtjes helpen

Alle ljochtsjes helpe

Krekt as op elk oars momint, kinst op de koartste dei fan it jier mei in hiel lyts gebear wat bysûnders belibje.

Mei alle ljochtsjes helpe noegje wy dy út om op 21 desimber rûn fjouwer oere middeis in waksineljochtsje oan te stekken en dêr foarsichtich mei nei bûten te rinnen nei in plakje yn de buert wêrst in tiid rêstich en feilich mei it kerske stean of sitte kinst.

Om dan te belibjen watst dan belibbest; mei dyn eigen gedachtes, it moetsjen fan minsken dy't nei dy ta komme of just krekt net. Wat it ljocht en de waarmte fan it kerske mei dy docht, of watst troch op in tiid op it selde plak troch te bringen allegear waarnimst. Watst troch oandachtich oanwêzich te wêzen wol net in beweging bringst ôf just krekt rêstich makkest. Dat der in wêzen neat mear nedich is om te dwaan dan allinich dat, en dat it goed is. Om fan út dat fertrouwen dysels en de wrâld te besjen, mei alles wat dat mooglik makket.

We hoopje dat dizze útnoeging dy hjirre de hantaast jout. En winskje in moaie underfining.

De útnoeging foar Alle ljochtsjes helpe is in list mei ynstruksjes. It is wichtich om te neamen dat alle ynstruksjes sûnder ferplichting binne, kinst se yndividueel folgje of net, lykas dwaan kinst mei in resept foar in appeltaart.


Door wie

Alle ljochtsjes helpe is in idee fan keunstner kunstenaar Bruno van den Elshout, dat fierder foarme is yn oerlis mei ûntwikkelingspsycholooch Eefje Cobussen en beropspionier Saskia Op de Weegh. Yllustrator Idris van Heffen, tekene (foar)​de yllustraasje, grafysk ûntwerper Eyal Holtzman droech by oan it ûntwerp en webbouwer Coen Cuijpers soarge datst dizze side besykje kinst. De Friese vertaling heb je cadeau gekregen van Sandra Bonnema.